FIDEO: Aaitoer fan Museum Martena makket kâns op priis

It wurdt spannend foar Museum Martena yn Frjentsjer yn de finale fan de RAAK Stimuleringsprijs 2020. It museum hat de measte stimmen op dit stuit en makket kâns op 30.000 euro om harren Aaitoer oan te lizzen. De priis is in inisjatyf fan in tal organisaasjes, dy't musea tangonkliker meitsje wolle foar minsken mei in fisuele beheining.
FIDEO: Aaitoer Museum Martena hat kâns op priis
By de Aaitoer krije besikers byldbeskriuwingen, achtergrûnynformaasje en anekdoates. Se meie ek fiele oan de objekten of se sels aaie. Stimme kin noch oant 7 oktober op raakstimuleringsprijs.nl.