Johan Veenstra wint Rink van der Veldepriis 2020, earste kear foar boek yn streektaal

Skriuwer Johan Veenstra (74) fan Nijeholtpea hat de Rink van der Veldepriis wûn. Hy krijt de priis foar syn boek Vroeger is veurgoed veurbi'j. It is foar it earst dat de priis takend wurdt foar in boek dat yn in streektaal skreaun is. Veenstra skriuwt yn it Stellingwerfsk.
Johan Veenstra © Haye Bijlstra / Tresoar
Om yn oanmerking te kommen foar de priis, dy't alle twa jierren útrikt wurdt, moat in boek skreaun wurde yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen, moat it oanslute by it wurk fan Rink van der Velde en moat it in breed lêzerspublyk oansprekke. Dat docht Veenstra dus, fynt de sjuery, dy't bestie út Joukje Aardema, Nynke Andringa en Koos Tiemersma.

Aktyf foar de Omrop en Ljouwerter

Veenstra droech seis jier lang hast alle wiken in ferhaal foar by Omrop Fryslân, ûnder de namme Stellingwerver Stiekelstokkies. Hy skriuwt ek kollums foar de Ljouwerter Krante. Fan 2001 oant 2010 die er dat ek al. Veenstra is de opfolger fan Willem Schoorstra, dy't twa jier lyn de priis wûn. Twa jier dêrfoar gong de priis nei Anne Feddema.
De gemeente Smellingerlân jout Veenstra in byldsje fan keunstners Anne en Roelie Woudwijk kado. De Stichting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) stelt 2.000 euro beskikber.
De priis wurdt op 28 oktober útrikt yn De Lawei yn Drachten.
Jierren lyn gong Geert van Tuinen op besite by Johan Veenstra: