IM: Iran net belutsen by oanfal op Koerd by stasjon Ljouwert

It Iepenbier Ministearje (IM) hat gjin oanwizingen fûn dat de Iraanske steat efter de oanfal op in Koerdyske man yn Ljouwert, ôfrûne juny, sit. De fertochte liket in persoanlik motyf te hawwen, seit in wurdfierder fan it IM tsjin de NOS.
© Kappers Media
De Koerdyske aktivist Sadegh Zarza (64) waard by it Ljouwerter stasjon yn syn auto delstutsen mei in mes. Hy rekke swierferwûne.
Zarza flechte yn de jierren 80 nei Nederlân. Syn broer sei earder tsjin de Ljouwerter Krante dat Zarza om syn aktivisme op in deadelist stie fan de Iraanske geheime tsjinst.
Der binne sterke oanwizings dat Iran yn it ferline belutsen wie by oanslaggen op Iraniërs yn Nederlân. Ek no binne dêr fermoedens fan, mar it IM lit witte dat der gjin oanwizings fûn binne fan "statelijke inmenging", en dat dat senario wol "nadrukkelijk is meegenomen in het onderzoek".

Bekentenis ôflein

De fertochte hat neffens justysje in bekentenis ôflein en ferklearre dat er in persoanlik motyf hie. Mear dêroer is net bekend.
Takom tongersdei is yn de saak in earste pro-formasitting. De resjerzje is noch dwaande mei it ûndersyk en wol noch mei in tal famyljeleden fan it slachtoffer prate. It IM is fan doel om oan te trúnjen op in psychologysk ûndersyk.