FNP: Fryslân moat him oanslute by wolvekommisje Drinte

21 sep 2020 - 13:54

De Steatefraksje fan de FNP wol dat Fryslân him oanslút by de Drintske wolvekommisje, no't de wolf him offisjeel fêstige hat yn dy provinsje. De kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan skieppehâlders, lânbou- en natuerorganisaasjes en wurket oan maatregels om fee te beskermjen tsjin oanfallen fan de wolf.

Foto: Shutterstock

Ferline wike waard bekend dat in wolf him yn midden-Drinte fêstige hat. De kâns bestiet dat de wolf nei Fryslân ta komt en him hjir ek fêstiget.

It kolleezje fan Deputearre Steaten sei yn juny ta kontakt te hâlden mei de wolvekommisje yn Drinte, mar de FNP fynt dat net genôch. De fraksje wol dat Fryslân him gau oanslút by de kommisje, sadat de kennis en de ûnderfiningen út Drinte brûkt wurde kinne om effektive maatregels te nimmen.

"Wy moatte derfoar soargje dat ús fee goed beskerme wurdt tsjin oanfallen troch wolven", seit FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol. "As wy de krêften bondelje, hoege wy net sels it tsjil út te finen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)