Strange coronaprotokollen liede ta kopsoargen by skoalbestjoerders

21 sep 2020 - 13:09

Skoalbestjoerders yn it fuortset ûnderwiis meitsje har soargen no't hieltyd mear bern thús bliuwe om't se ferkâldensklachten hawwe. De bern hâlde har dêrby oan de jildende coronaprotokollen, mar it makket it lesjaan der net makliker op.

Lanlik sjoen siet ôfrûne wike sa'n tsien persint fan de skoalbern thús. Direkteur Gerard Schutte fan it Simon Vestdijk yn Harns sjocht dat ek op syn skoalle. "We zien vandaag dat er 160 leerlingen afwezig zijn. Op een school van 1.000 leerlingen is dat ruim 10 procent."

Goed de helte fan harren hie neffens Schutte gewoan op skoalle wêze kind as it coronaprotokol net fan krêft wie. "Dat baart wel zorgen. Tien procent van de leerlingen afwezig wil je niet, maar aan de andere kant wil je recht doen aan de protocollen." En dy protokollen binne hiel ienfâldich: ast snotterest, bliuwst thús.

Foto: Google Street View

Utdagings yn lesjaan

Schutte is der wiis mei dat bern har sa goed oan de foarskriften hâlde, mar it smyt wol problemen op: "Het levert voor leerlingen, maar ook voor onze collega's enorme uitdagingen op om goed les te krijgen of geven."

Yn de tiid fan de earste lockdown waarden der al kreative oplossings betocht om it lesjaan dochs trochgean te litten. It grutte ferskil is neffens Schutte dat de bern no ferspraat binne: guon bern binne op skoalle en guon thús. "Dat vraagt om andere aanpassingen aan het onderwijs, om het voor iedereen goed te laten verlopen. Dat vraagt veel creativiteit." De skoalle ûndersiket dêrom no nije mooglikheden fan lesjaan.

Selde regels as yn basisûnderwiis

Schutte hopet dat de regels yn it fuortset ûnderwiis, krekt as yn it basisûnderwiis, ek gau ferromme wurde. Basisskoallebern mei klachten hoege nammentlik net thús te bliuwen en ek net test te wurden. "Ik hoop dat wij daar komende week ook wat zicht op krijgen, want dit zorgt wel voor complexe situaties."

Twadde weach

Schutte is net benaud foar in twadde lockdown. "We moeten met Friese nuchterheid blijven kijken naar deze toestand, wat mij betreft. Als we ons allemaal aan de 1,5 meter afstand houden en ervoor zorgen dat we goed reageren als er iets aan de hand is, denk ik dat we die tweede golf in Fryslân wel voor kunnen zijn."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma op it Simon Vestdijk yn Harns

(Advertinsje)
(Advertinsje)