Plysje siket nei fermiste frou (31) en soantsje (3)

De plysje Noard-Nederlân is sûnt tongersdei op syk nei de fermiste Evelien Kingma (31) en har 3-jierrige soantsje Jaylano Noah fan It Hearrenfean.
Plysje siket nei fermiste frou (31) en soantsje (3)
Sûnt tongersdei kin Kingma har famylje gjin kontakt mear mei har krije. "Op de omstannichheden kin ik net yngean. Mar wy hawwe ferskate metoaden ynsetten om der achter te kommen wêr't Evelien en Jaylano binne", seit Bert Sietzema fan plysje Noard-Nederlân. Oant no ta binne Evelien en Jaylano lykwols noch net fûn.

Oanknopingspunt

De plysje skeakelet no dêrom de help yn fan it publyk. "Dat dogge we net samar, om't it nochal wat ynbrek is op de privacy. Mar we hoopje dat it wat opsmyt." Neffens Sietzema binne der al wat tips binnenkaam. "We hoopje dat dêr in oanknopingspunt yn sit."
By in tankstasjon lâns de A28 tusken Hoogeveen en Meppel is sneontejûn in auto oantroffen dy't mooglik wat te krijen hat mei de saak. Dêrneist wurde der kamerabylden út dyselde omjouwing besjoen.

Kontakt mei plysje

Minsken dy't mear witte oer de fermissing of tips hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje fia 0900-8844. Minsken dy't tinke mem en soan te sjen, meie ek fuortendaalks kontakt opnimme fia alarmnûmer 112. Der is mear ynformaasje te finen oer de fermissing op de webside fan de plysje.
Bert Sietzema fan plysje Noard-Nederlân oer de fermissing