Keninklike earepinning foar muzykferiening Euphonia

Muzykferiening Euphonia út Wommels hat in keninklike earepinning krigen foar harren fertsjinsten. Foarsitter Jan Bootsma krige de pinning op de jubileumresepsje út hannen fan boargemaster Jannewietske de Vries. De muzykferiening fiert dit jier har 100-jierrich jubileum, op oanpaste wize fanwege de coronamaatregels.
© Hendrik Jellema
De muzykferiening waard op 21 septimber 1920 oprjochte as fanfare. Yn 1953 kaam der in selsstannige drumband by, yn 1988 folge troch marjorettes. In jier earder al waard de fanfare omfoarme ta harmony-orkest. Sûnt 2009 spilet Euphonia yn de heechste amateurdifyzje.

Eare

"It is in enoarme eare en in stik wurdearring", seit Margriet Bootsma. "Je krije soks net samar, der moast fan alles ynlevere wurde om te bewizen dat we 100 jier bestean."
It jubileumkonsert mei Syb van der Ploeg en de reüny koenen fanwegen corona net trochgean fansels. "Dêrom ha we de resepsje binnen coronaregels dien en is der in boek makke."

Jeugd

Jierren lyn wienen der mear leden. "It ledetal ûnder jeugd rint werom, mei de opbringsten fan it jubileumboek wolle we brûke om jeugdleden op te lieden en entûsjast te meitsjen. Muzyk kinst dyn hiele libben dwaan, yn tsjinstelling ta fuotbal." Se wolle noch wol 100 jier bestean.
Margriet Bootsma