Grêfstien Eise Eisinga wer teplak yn Dronryp: "Dit is fantastysk"

De restaurearre grêfstien fan Eise Eisinga is moandei werompleatst op it grêf yn Dronryp. De stien moast opknapt wurde en hat in nije tekst mei de orizjinele letters krigen. Om de grêfstien te beskermjen tsjin sinne, rein en hurde wyn wurdt der in glêzen plaat om de stien hinne set.
Grêfstien Eise Eisinga wer teplak yn Dronryp: "Dit is fantastysk"
Yn de tiid dat de grêfstien fuort wie foar restauraasje, lei der in metalen plaat op it grêf mei de foto fan de grêfstien derop. Op dy foto wie ek de wiskundige som te sjen dy't Eise en syn broer op it grêf, dat oarspronklik foar harren heit wie, sette litten hawwe.
"De oplossing fan de som is hoe âld Eisinga syn heit wie doe't er ferstoar, en ek yn hokker jier dat barde. It is eat dat yn dy tiid faker foarkaam, om't wittenskippers graach har kennis mei de wrâld diele woenen sa't 'de gewoane minsk' har der ek foar ynteressearje soe", fertelt Adrie Terlouw fan de Wurkgroep Histoarysk Dronryp.

Restauraasjewurk fan it restauraasjewurk

De stien is yn 2011 al ris restaurearre, mar dat gie doe net hielendal goed. "Eins is dy stien skansearre rekke. De letters dy't ferdwûn wiene, binne der doe mei keunststof op plakt, mar dy letters wiene net hielendal hoe't se wêze moasten en dy sieten ek net hielendal goed fêst. It gie dus wer hiel hurd efterút", sa seit Terlouw.
"Wat wy no dien hawwe, is de ferve dêr't de letters mei op de stien steane, bywurkje. De slitaazje fan waar en wyn bliuwt dan wol sichtber, mar dat kin hast net oars nei hoelang't dy hjir al leit. Der komt no dus in glêsplaat oerhinne, om de grêfstien te beskermjen."
De nije grêfstien fan Eise Eisinga, noch sûnder glêsplaat © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Adrie Terlouw fan de Wurkgroep Histoarysk Dronryp
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
"Dit is it resultaat dêr't wy op hopen", sa seit Johan Dalstra, ek ûnderdiel fan de wurkgroep. "As ik it no sa sjoch, dan tink ik: dit is fantastysk. Der komt ek noch wat oerhinne as beskerming, dus it wurdt allinnich noch mar moaier."
Op it grêf komt earst in betonplaat te lizzen, dan de grêfstien dêr oerhinne, en dêr boppe-op noch in glêsplaat. Dy glêsplaat leunt dan op de ûnderste betonplaat. "De minsken dy't hjir aanst komme, kinne genietsje."

Wa leit der?

Yn de tiid dat de stien fuort wie, wie der in eventuele kâns om te sjen wa't der no eins yn it grêf lizze. It is nammentlik net wis oft, neist Eise Eisinga en syn heit Jelte, Eise syn frou ek yn it grêf leit.
Der is oer neitocht dit te ûndersykjen, mar dêr is ek wer rap fan ôfsjoen. "It kin natuerlik net. Dat is echt grêfskeining. Wy wolle it leafst alles witte, mar dy histoarje litte wy gewurde."
Adrie Terlouw en Johan Dalstra, beiden fan de Wurkgroep Histoarysk Dronryp