NDC neamt wegerjen Frysktalige bydrage FNP 'misferstân'

Streekkrante De Feanster pleatst gewoan ynstjoerde Frysktalige stikken fan de FNP-fraksje yn de gemeente Achtkarspelen. De FNP wie snein lilk doe't de partij te hearren krige dat in Fryske bydrage net pleatst wurde soe. Mar dat wie in misferstân, seit Douwe Wijbrands, sjef fan de nijs- en wykblêden fan de NDC Mediagroep, dêr't De Feanster ek ûnder falt.
Kranten © Shutterstock.com
Politike partijen kinne al jierren ombeurten stikken oanleverje foar 'De Spreekbuis', dy't de krante dan pleatst. Der is krekt in nije haadredakteur, dy't net op de hichte wie fan it belied dat dit ek yn it Frysk koe. It belied om Fryske stikken te pleatsen, is lykwols net feroare.
Nei't de FNP snein nei bûten brocht dat de artikels fan de partij net yn it Frysk pleatst waarden, hat de krante direkt kontakt opnaam mei de partij en útlein dat it om in misferstân gong.
It twatalige belied fan de krante foldocht goed, seit Wijbrands. As minsken wat yn it Frysk ynstjoere, komt dat gewoan yn it Frysk yn 'e krante.