Kollum: "De kening te ryk"

21 sep 2020 - 08:26

"It is net ien ûntgien dat kening Willem-Alexander en keninginne Máxima foarige wike tongersdei op besite wienen yn Fryslân. Njonken tal fan bedriuwen en organisaasjes gongen se ek op besite by OSG Singelland yn Drachten, dêr't it keninklik pear in Fryske les folge. Dat wie net samar sa betocht. Nee, de keninklike besite stie folslein yn it ramt fan de takomst fan Fryslân. En dêryn mei ús taal fansels net ûntbrekke.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

In dei foardat Willem-Alexander en Máxima hjir kamen, wie Aant Jelle Soepboer op besite yn de studio fan Omrop Fryslân. Hy die de oprop oan ús allegear om net sa nonsjalant om te springen mei de Fryske taal. Om ús taal takomst te jaan, set er him yn om it Frysk op skoallen te ferbetterjen. "It moat in folweardige, moderne taal wurde", sei er.

Dêr bin ik it folslein mei iens. Mar tagelyk stuts it my ek in bytsje: dat de takomst fan ús taal yn hannen lein wurdt fan ús dosinten. It past by de trend fan de lêste jierren wêryn't wy hieltyd mear taken by skoallen dellizze.

Nim it skoalswimmen. Heiten en memmen rôpen moard en brân doe't skoallen ophâlde woenen mei it skoalswimmen. Hoe moasten harren bern dan swimmen leare? Sels nei swimles is foar in soad âlden kenlik gjin opsje. Dat oerke gloar snuve oan de wetterkant is foar drokbesette heiten en memmen te folle frege.

Sûn iten: noch sa'n foarbyld. Tusken de middei ite bern op skoalle. Dat moat wol sûn iten wêze, roppe heiten en memmen. Eins moat de skoalle farsk fruit en folle molke oanbiede. Dat der dyselde jûns thús in kant-en-kleare pizza yn de ûne treaun wurdt omdat heit en mem sels gjin sin ha om iten te meitsjen, dat kin dan wer neat skele.

En no is de takomst fan ús Fryske taal dus ek in ferantwurdlikheid fan it ûnderwiis. Dosinten moatte der mear oan dwaan, sadat wy thús 'hooghollands' tsjin ús bern prate kinne. Want dat dogge hieltyd mear Friezen. Ik wie foarich jier mei de kollektebus ûnderweis yn Drachten, doe't in jonkje de doar iepen die. Ik frege oft er ek wat jild jaan woe. 'Dat moet ik aan mijn moeder vragen', antwurde er.

Twa sekonden letter stie syn mem by de doar. Sy prate Frysk mei my, mar Hollânsk mei har bern. En net ABN, mar fan dat knauwerige Nederlânsk, mei in grau Frysk aksint. Wêrom no, tink ik dan. Wat foar doel hat it om gjin Frysk mei dyn bern te praten? Bist deabenaud dat se in aksint krije sille? No, dan moatst foaral sa trochgean mei dyn knauwerige Nederlânsk. Praat gewoan Frysk trut, wol ik dan wol roppe. Mar ik hâld my stil.

En dat is presys it probleem fan de takomst fan ús Fryske taal. It is ús memmetaal, mar ast it as mem net mear trochjoust, dan giet it ferlern. Dus by dizze in oprop oan alle heiten en memmen yn Fryslân en wêr ek mar yn de wrâld dy't fan hûs út Frysk prate: brûk dyn taal. Soargje der foar dat it gjin fak wurdt op moandei en freed op skoalle, mar in taal dy'tst alle dagen mei dyn bern praatst.

Myn winsk is dat Amalia oer tritich jier foar har keninklike besite oan ús provinsje net perfoarst nei in klaslokaal hoecht om it Frysk te hearren, omdat it oeral noch brûkt wurdt troch ús bern. Dan bin ik de kening te ryk."

(advertinsje)
(advertinsje)