Iepenbiere basisskoallen De Trynwâlden sille gearwurkje

21 sep 2020 - 07:26

De fjouwer iepenbiere basisskoallen yn De Trynwâlden wurkje fan moandei ôf mear gear. It giet om de skoallen De Opstap yn Oentsjerk, It Kruirêd yn Mûnein, Thrimwalda yn Gytsjerk en Sinnehonk yn Aldtsjerk. Op de fjouwer skoallen sitte sa'n 250 bern. De taken waarden oant no ta ferdield oer lytse ûnderwiisteams, mar dat moat oars.

Foto: ANP Foto

"Dit is in trajekt dat al lang foar de fakânsje yn gong setten is", fertelt Kees Flikkema, direkteur fan De Opstap en It Kruirêd. "Hjoed ha wy de earste stúdzjedei mei ús allen. Mei elkoar ha wy in skoalleplan skreaun, wêryn't wy as skoallen yntinsyf gearwurkje sille. De namme en it logo wurde hjoed presintearre."

Op eigen manneboet

It giet perfoarst net om in fúzje, seit Flikkema mei klam. "Wy wolle gebrûk meitsje fan elkoars kennis en kunde", leit er út. "Op dit stuit binne alle skoallen op eigen manneboet dwaande om it ûnderwiis foar de bern sa optimaal mooglik te meitsjen. Wy wolle tenei mei-inoar oparbeidzje en elkoars ekspertize oanfolje. Guon persoanielsleden sille net langer op ien skoalle ynset wurde, mar op meardere skoallen. Sa wolle wy it belied op inoar ôfstimme."

Krimp net haadreden

De krimp is ien fan de oanliedings om mear gear te wurkjen, mar it is seker net de iennichste reden. Flikkema: "Wy ha skoallen mei fjirtich bern, mar ek mei tachtich bern. It lit him dreech foarsizze om te sjen hoefolle bern der oer in pear jier binne. Haaddoel is benammen om inoar as skoallen op ûnderwiismêd te fersterkjen." De bern sille der net folle fan fernimme, tinkt Flikkema. "Mar miskien pakke wy yn de takomst ek bûtenskoalske aktiviteiten mei-inoar op."

Direkteur Kees Flikkema

(advertinsje)
(advertinsje)