Trochbraak by Alzheimercentrum: bloedtest kin alzheimer oanwize

Mei in simpele bloedtest sjen oft immen alzheimer hat. Dat is ien fan de trochbraken yn it Alzheimercentrum sintrum yn Amsterdam en dat is ynkoarten al mooglik. Oan dit sintrum donearre âld-meiwurker fan Omrop Fryslân Dirk Baron trije jier ferlyn syn harsens, neidat er ferstoar oan de sykte. Yn it ramt fan Wrâld Alzheimerdei fertelle direkteur Philip Scheltens en ûndersiker Baayla Boon oer it ûndersyk.
Alzheimer bestride troch harsenûndersyk
"Straks is het mogelijk om in het bloed bij de dokter te kijken of de eerste verschijnselen van alzheimer verschijnselen aanwezig zijn", fertelt Philip Scheltens. Hy leit út dat de earste ferskynsels fan de sykte alzheimer net allinnich soargje foar feroarings yn de harsens, mar ek foar feroarings yn it bloed. It ûndersyk nei in oplossing foar alzheimer is yn folle gong. In echte genêzing is der noch net, dat duorret noch wol efkes. Mar der wurdt wol hieltyd mear bekend oer de sykte.

Dirk Baron

Jierrenlang wie hy ien fan de gesichten fan Omrop Fryslân: ferslachjouwer en presintator Dirk Baron fan Drachten. In suksesfolle karriêre en in blier libben, it libben lake Dirk ta oant er yn 2015 de ferpletterjende diagnoaze alzheimer krige.
Op 28 novimber 2017 naam Dirk Baron op 37-jierrige leeftiid ôfskied fan it libben. Twa moanne foar syn ferstjerren is der in minydokumintêre makke oer Dirk en syn frou en bern. En hoe't se omgean mei syn sykte.
Nei syn ferstjerren hat Dirk syn harsens donearre oan de wittenskip, sadat der mear ûndersyk dien wurde kin nei alzheimer.
© Omrop Fryslân
Ien fan de minsken dy't ferantwurdlik is foar it alzheimerûndersyk is Baayla Boon. Sy bestudearret ûnder de mikroskoop flintertinne plakjes harsens en kin sa de fersteurings yn de harsens fan alzheimerpasjinten goed yn kaart bringe. Neist de bloedtest binne hjirtroch noch mear stappen set yn it alzheimerûndersyk.
Wat opfalt is dat de sykte by jonge minsken mei alzheimer, lykas Dirk, der oars útsjocht as by âlde minsken. Boon: "Nu zien we ook in de hersenen dat het bijna een ander soort ziekteproces is."
It ûndersyk is allinnich mar mooglik troch donaasjes fan harsens, seit Boon. De minsken fan it Alzheimercentrum binne Dirk en oare minsken dy't harren harsens donearre hawwe dan ek hiel tankber. Boon: "Alleen daardoor kunnen we echt kijken wat er gebeurt in de hersenen op microscopisch niveau."
Hoe sjocht de takomst der út foar it alzheimerûndersyk? Harkje hjirûnder hoe't direkteur Philip Scheltens hjiroer tinkt.
Direkteur Philip Scheltens fan it Alzheimercentrum Amsterdam
Tiisdei folget in reportaazje by Dieke Broersma, de frou fan Dirk. Hoe is it mei har, trije jier nei it ferstjerren fan har man? En wat fynt se fan de ûntwikkelingen yn it ûndersyk?