PvdA hat noed oer jongereinoerlêst yn sintrum Drachten; âlden der ek by belûke

De PvdA yn de gemeente Smellingerlân makket him soargen oer de jongereinoerlêst dy't troch guon ynwenners ûnderfûn wurdt yn it sintrum fan Drachten. De fraksje hat dêrom in tal fragen steld oan it kolleezje.
It kariljon yn Drachten © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Neffens de PvdA komme der de lêste tiid geregeld berjochten binnen fan oerlêst troch jongereingroepen yn it sintrum fan Drachten. It giet dêrby om fandalisme en yntimidaasje. Foarbygongers soene ferbaal en troch it ôfstekken fan fjoerwurk yntimidearre wurde.
Neffens Anton Pieters, fraksjefoarsitter fan de PvdA Smellingerlân giet it net om ien groep: "We skatte yn dat der seis of sân groepen binne en dy gean troch it hiele sintrum mar ek troch de rest fan Drachten hinne."

Hormoanhúshâldings op strjitte

De PvdA wol ek graach de âlden fan de jongerein derby belûke. "We soenen wol graach sjen dat der wat fan dy jonkjes of famkes, - want dy binne derby hear, it binne komplete hormoanhúshâldings dy't op strjitte fleane - mar dat dy in kear oppakt wurde en dat heit en mem der by roppen wurde. It soe bêst wêze kinne dat heit en mem gjin idee hawwe dat har eachappeltsjes mei fjoerwurk troch it sintrum fleane." Pieters hat de oplossing net mar hy en syn partij wolle graach meitinke, ek mei de jeugd.
Syn fraksje wol dêrom witte fan it kolleezje oft dizze jongerein yn byld is, oft der mei âlden praat wurdt en oft it kolleezje mei plannen dwaande is om de oerlêst oan te pakken. De partij wol dêrneist witte oft it kolleezje mooglikheden sjocht om de jongerein alternativen foar harren sosjale behoeften te bieden, no't dat diel fan harren libben troch de coronakrisis foar in part stilleit.
Anton Pieters, fraksjefoarsitter fan de PvdA