FNP Achtkarspelen lilk: 'Feanster krante wol gjin Fryske artikels mear'

20 sep 2020 - 20:50

De FNP yn de gemeente Achtkarspelen is lilk op de NDC Mediagroep. De Feanster, dy't ûnder NDC falt, wol neffens de FNP gjin Fryske artikels mear pleatse. De FNP leveret lykwols al jierren yn it Frysk in politike bydrage foar 'De Spreekbuis'.

Kranten - Foto: Shutterstock.com

De FNP lit it der net by sitte en hat yntusken in klacht yntsjinne by anty-diskriminaasjesintrum Tûmba. Dêrneist sil de partij der by de gemeente Achtkarspelen op oantrúnje om net mear in ynfo-pagina te pleatsen yn 'in krante dêr't de gemeente net Frysk kommunisearje mei en dy't in grut diel fan harren befolking diskriminearret'.

(advertinsje)
(advertinsje)