Gersbaanracer Pijper pleatst him foar WK-races yn 2021

Gersbaanracer Theo Pijper hat him sneontemiddei yn it Drintske Roden fersekere fan in startplak foar de WK-races fan 2021. De Fries, dy't op dit stuit yn Skotlân wennet, waard fjirde op it WK Langbaan Challenge. En dat is genôch om him te pleatsen.
© Omrop Fryslân, Freark Wijma
"It is wol even lekker om in kear op eigen grûn te riden", sei Pijper nei ôfrin fan de race. "It gie hartstikke moai en ik bin bliid dat ik der bysit kommend jier. Ik sit no al in dikke 22 of 23 jier streekrjocht yn it WK, dus dat wol ik noch wol even trochsette."
It seizoen is troch it coronafirus dit jier in stik koarter as oars. Der stiet dêrtroch no noch mar ien wedstriid op it programma. Dy is nije wike yn Poalen. "Ik hoopje dat we yn Poalen in bytsje derby dwaan kinne en dat ik wer op it poadium stean", seit Pijper.
Theo Pijper oer it gersbaanracen