Boek oer Sudersee nominearre foar Libris Geschiedenis Prijs 2020

20 sep 2020 - 12:30

De nominaasjes foar de Libris Geschiedenis Prijs 2020 binne bekend makke. By de fiif boeken sit Eens ging de zee hier tekeer fan Eva Vriend oer de eardere Sudersee en de kustbewenners.

Foto: Atlas Contact

De priis is foar in histoarysk boek dat in algemien publyk oansprekt.

De oare nominearren binne: De hoeve en het hart. Een boerenfamilie in de Gouden Eeuw fan Enny De Bruijn, Missievaders. Een familiegeschiedenis van katholieke wereldverbeteraars fan Mar Oomen, Liever dier dan mens. Een overlevingsverhaal fan Pieter van Os en De Kolonieman. Johannes van den Bosch (1789-1844), volksverheffer in naam van de koning fan Angelie Sens.

De winner wurdt 25 oktober bekend makke. De priis bestiet út 20.000 euro. Sjueryfoarsitter is Hans de Boer, dy't krekt ôfskied nommen hat fan VNO-NCW.

(Advertinsje)
(Advertinsje)