Feanster frou fermist mei har soantsje (3)

De plysje is op syk nei Evelien Kingma en har soantsje Jaylano Noah fan 3 jier. De frou komt fan It Hearrenfean en is sûnt ôfrûne tongersdei fermist.
© Politie.nl
De auto dy't sy mooglik brûkte, is oantroffen by in tankstasjon oan de A28 tusken Hoogeveen en Meppel.
De plysje meldt dat der grutte soargen binne oer mem en soan.
As minsken tips hawwe, kinne se dy trochjaan oan de plysje op 0800-6070.