Twa grutte gersbulten yn de brân by Mitselwier oan N361

By Mitselwier lâns de Lauwersseewei (N361) moast de brânwacht sneintemoarn ier en betiid yn aksje komme om't twa grutte bulten mei meand gers yn de brân stienen.
© De Vries Media
It duorre in pear oeren foardat de brânwacht fan Eanjum de brân ûnder kontrôle hie. Der waard in shovel ynset om de bulten út elkoar te lûken.
Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend.