Skriuwer Mindert Wijnstra hat net lang mear te libjen: "It hat goed west"

20 sep 2020 - 09:00

It libben fan ferhaleferteller, skriuwer en ûnderwizer Mindert Wijnstra is hast oan 'e ein. Hy is thús yn Warns dêr't syn dochters en frou him fersoargje en bystean. Mindert Wijnstra hat prostaatkanker en nei in oerhaal is hy hurd achterút gien. Doe't er yn Bloemkamp wie om oan te sterkjen en de coronakrisis útbruts, koe er krekt op 'e tiid thúshelle wurde.

Mindert Wijnstra yn syn bêd op tsjiltsjes - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

"Do libbest der nei ta" seit Wijnstra as him frege wurdt nei hoe't er nei de dea sjocht. "It is in proses dêr't jo ynsitte. En dat is dreech foar it baaske, mar ik ha my der no by dellein." De kanker wie der al in skoft: fjouwer jier lyn krige hy de diagnoaze, mar it gie eins hiel goed. "Heit stie noch midden yn it libben. Hy die mei oan it projekt 'schrijver op school', waard noch ynhierd as ferhaleferteller en wie noch dwaande mei it skriuwen fan in boek", seit dochter Babs Wijnstra.

Oerhaal

Yn febrewaris krige Wijnstra in oerhaal (harsenynfarkt) en doe waard it slim minder. Hy koe net mear stean en rinne en syn stim waard swak. Doe't corona yn ús lân kaam, wie Wijnstra yn Bloemkamp om te refalidearjen. Trije dagen lang krige er gjin besite fan famylje en freonen en doe't Babs dochs nei him ta gie, trof se har heit yn noch folle mindere kondysje oan. Se helle him deselde deis noch nei hûs en in dei letter gie Bloemkamp hielendal yn lockdown. "Dat wie krekt op 'e tiid. En eins ha wy him thúshelle om te stjerren; wy hawwe ek ôfskied nommen, mar hy kaam de krisis te boppe en hy is der noch."

Mei freon en skriuwer Thys Wadman hat Mindert Wijnstra syn lêste boek noch ôfmeitsje kinnen: Jesse. "It is myn bêste boek wurden. It floeide út myn pinne."

Mindert Wijnstra waard op 31 desimber 1945 berne yn Lippenhuzen. Hy learde foar ûnderwizer oan de Kweekskoalle yn Drachten en waard úteinlik it haad fan de skoalle yn Warns. Dat wie doe noch in iemansskoalle mei tsien learlingen. Letter kamen der mear learlingen en kollega's by.

As skriuwer lei Wijnstra him benammen ta op de publikaasje fan berneboeken. It earste, Kninekeutels yn it oerwâld ferskynde yn 1982. Yn 1992 krige Wijnstra foar syn boek It hûs fol ferhalen de Simke Kloostermanpriis, in Fryske literatuerpriis foar berne- en jeugdboeken. Dat boek krige sels ynternasjonale erkenning. Yn 1994 is it op de earelist pleatst fan de IBBY (International Board on Book for Young People).

De ferhaleferteller Mindert Wijnstra hat in foarleafde foar folksferhalen. Hy publisearre meardere bondels mei ferhalen en reizge troch de provinsje om dy ferhalen sels te fertellen. Yn 1997 publisearre hy It Kweade Wiif fan Hylpen en oare folksferhalen. Yn gearwurking mei kollega-skriuwer Douwe Kootstra publisearre Wijnstra yn 2017 noch in boek mei folksferhalen: De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen. Ek it boekje De Seefrou is in samling folksferhalen. Dat boek ferskynde as Kadoboek yn it ramt fan de boeke-aksje Swalk fan Tresoar. De Seefrou waard yn 2016 nominearre foar de Rink van der Veldepriis.

Foar Omrop Fryslân wurke Wijnstra mei oan berneprogramma's op radio en telefyzje. Sa skreau hy de teksten fan Fratsen, in telefyzjeprogramma foar bern oant 7 jier.

Yn it radioprogramma Buro de Vries is op snein 20 septimber in petear te hearren mei Mindert Wijnstra. Hy praat oer syn libben en oer 'de lêste reis' dy't er op it punt stiet te meitsjen. Ek dochter Babs komt oan it wurd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)