Oerlêst yn Drachtster sintrum; plysje bekeurt fertochten

Yn it sintrum fan Drachten binne de lêste tiid meldingen fan oerlêst. In groep jeugd fernielt saken, stekt swier fjoerwurk ôf en hat ferfelend gedrach. Dat meldt de plysje op Facebook.
© Plysje
Yn de nacht fan sneon op snein is in 18-jierrige Drachtster trappearre by it yn de brân stekken fan in fyts.
Earder dizze wike hat de plysje al minsken oanhâlden en binne fertochten bekeurd. Alden fan minderjierrige fertochten wurde ynljochte.