Wer gjin winst foar Cambuur: "It is krekt as hawwe wy ússels in bepaalde druk oplein"

De wedstriid fan Cambuur tsjin TOP Oss einige sneontejûn yn 2-2 en dat wie nei it ferlies tsjin Go Ahead Eagles ôfrûne wike op 'e nij in teloarstelling foar de Ljouwerters. "We moeten gewoon allemaal naar ons zelf kijken", seit Erik Schouten. "Het was gewoon niet goed genoeg, we hebben gewoon nog veel te doen." Ek trainer Henk de Jong sjocht dat it oars moat. "Foarich jier binne wy as earste einige, yn plak fan dat it ús krêft jout dat we sa goed wiene, wurde we stil yn wedstriden."
Besjoch hjirûnder de reaksje fan Henk de Jong. Troch in technysk probleem is it lûd net optimaal. Us ekskús dêrfoar.
Reaksje Henk de Jong nei TOP Oss - Cambuur
Neffens Erik Schouten die Cambuur it ienfâldichwei net goed genôch yn de wedstriid tsjin TOP Oss. Hy neamt ek de striidberens fan de fuotbaljende tsjinstanner, wat úteinlik foar de 2-2 soarge. "Misschien moet er ook bij ons gewoon een tandje bij", sa seit er. "We moeten gewoon allemaal naar ons zelf kijken. Het was gewoon niet goed genoeg, we hebben gewoon nog veel te doen."
Al yn de earste helte waarden Doke Schmidt en Sven Nieuwpoort ferfongen troch Erik Schouten en Ragnar Oratmangoen. Dat makke dat Cambuur al wat better yn de wedstriid kaam. Mar Schouten seit dêroer: "Het is lullig dat we die jongens zo laten vallen die er uit worden gehaald. Het is nooit leuk om zo snel gewisseld te worden, dat mogen we ons zelf wel aanrekenen."

Wankele posysje

Boppedat wie it foar it earst dat Schouten wer meispile, nei't er earder blessearre wie oan syn haksine. "Het was wel zwaar natuurlijk, ik heb zo lang niet gespeeld. Gelijk een uur meedoen was niet de bedoeling, maar ik ben blij dat ik erbij ben. Alleen had ik liever een halfuurtje gespeeld."
Cambuur stiet no tredde yn de kompetysje, mar mei noch mar sân punten is dy posysje wankel. "Ik maak me niet direct zorgen, maar het is gewoon vervelend. Juist tegen zo'n club moet je punten pakken en dat doen we vandaag niet, dat is gewoon dramatisch."

Druk fan ôfrûne jier

"It is krekt as hawwe wy ússels in bepaalde druk oplein", seit trainer Henk de Jong. "Foarich jier binne wy as earste einige. Yn plak fan dat it ús krêft jout dat we sa goed wiene, wurde we stil yn wedstriden", seit de trainer. "Dat is iets wat ik totaal net fan myn ploech kin."
Neffens de trainer sit de hiele ploech net op it nivo om't de spilers ek op yndividueel nivo net op harren sterkst binne. "Der binne ek spilers dy't der eins boppe út stekke moatte. As je sintraal efteryn sjogge, moat Mac-Intosch folle better, folle flugger. Sa is it op meardere posysjes."
De rûtiniers soene de jonge spilers troch de wedstriid hinne helpe moatte, mar ek by harren seach De Jong net it nivo fan ôfrûne jier. Mar hy sjocht ek dat TOP Oss ienfâldichwei bettere kânsen krigen. "Sy hiene de bettere kânsen. Troch opportunistysk spul hiene we it gewoan lestich tsjin harren."
Besjoch hjirûnder de reaksje fan Erik Schouten. Troch in technysk probleem is it lûd net optimaal. Us ekskús dêrfoar.
Reaksje Erik Schouten nei TOP Oss - Cambuur