Harkemase Boys spilet ûnnedich gelyk by VVSB, Bûtenpost en ONS ferlieze

19 sep 2020 - 20:17

Harkemase Boys hat sneontejûn mei 1-1 lykspile tsjin VVSB. Yn Noordwijkerhout makke Berwout Beimers it iennige Fryske doelpunt. Yn de Haadklasse B ferlear Bûtenpost mei 0-4 fan Flevo Boys en ONS Snits gie mei 1-2 ûnderút tsjin Swift.

Berwout Beimers kopt de 0-1 binnen - Foto: www.orange-pictures.nl

De earste grutte kâns fan de wedstriid op Sportpark de Boekhorst yn Noordwijkerhout wie foar de thúsploech. Mo el Osrouti kaam allinnich op doelman Erick Jansema ôf, mar de VVSB'er rekke de bal net goed wêrtroch Jansema ienfâldich rêde koe.

Yn de twadde helte hie Harkemase Boys it oerwicht yn de wedstriid. Dat resultearre mei goed in oere op de klok yn in foarsprong foar de Friezen. Berwout Beimers koe in korner fan Mark Bruintjes binnenkoppe. Dêrnei krige Harkemase Boys noch twa libbensgrutte kânsen om de foarsprong te ferdûbeljen, mar dat slagge net.

De thúsploech profitearre yn de 74e minút lykwols wol fia Matthieu van Assem: 1-1. Nettsjinsteande it lykspul stiet Harkemase Boys dield op it earste plak yn de tredde difyzje. De ploech hat, krekt as Sparta Nijkerk, SteDoCo en Excelsior '31, sân punten út trije wedstriden.

VV Bûtenpost

VV Bûtenpost hie op eigen fjild net folle kâns tsjin koprinner Flevo Boys. De earste helte barde der noch net folle, mar yn it twadde part fan de wedstriid rûn de skoare gau op. Nei goed in oere iepene Yander Zandbergen de skoare.

Yn it lêste kertier skoarde Flevo Boys der op los. Earst wiene it Robin Zuidema en Yumé Ramos dy't raak skeaten, en yn de lêste minút wurke Halbe Elzinga de bal ek nochris yn eigen doel: 0-4.

ONS Snits

ONS Snits slagge der opnij net yn te winnen, al kaam it hiel tichteby in punt yn de wedstriid tsjin Swift. De Snitsers kamen nei sa'n 30 minuten op efterstân doe't Swift-oanfierder de bal binnen skowe koe: 0-1.

Nei it skoft kaam ONS troch in goal fan Nick Kleen wer op 1-1. Snits krige dêrnei in pear kânskes, mar yn de ekstra tiid wie it Swift dat dien wurk makke: 1-2. Nei trije wedstriden hat Snits noch altyd gjin punten pakt yn de haadklasse. De ploech stiet op doelsaldo fjirtjinde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)