Cambuur ferspilet op 'e nij punten mei lykspul by TOP Oss

SC Cambuur hat sneontejûn op 'e nij punten ferspile yn de Keuken Kampioen Divisie. Op besite by TOP Oss waard it 2-2. Ragnar Oratmangoen en Robert Mühren makken de Ljouwerter doelpunten.
Robert Mühren sjit op de goal © www.orange-pictures.nl
De Ljouwerters kamen yn Noard-Brabân al betiid op efterstân. Yn de sânde minút koe Olivier Rommens in foarset fan Ruben Roosken foarby doelman Sonny Stevens wurkje. Mei in lytse tweintich minuten op de klok kaam Cambuur hast wer op likense hichte fia Robin Maulun, mar syn skot kaam op de peal. Yn de faze dêrnei wie TOP Oss it meast gefaarlik, mar ta hiele grutte kânsen kaam de hikkesluter fan de Keuken Kampioen Divisie ek net.
Cambuur-trainer Henk de Jong wie lykwols net tefreden oer it spul fan syn ploech en helle ferdigeners Doke Schmidt en Sven Nieuwpoort nei de kant. Erik Schouten en Ragnar Oratmangoen kamen dêrfoar yn it fjild. Dêrnei gie it efkes wat better mei de Ljouwerters en al gau stie sels de lykmakker op it skoareboerd. Ynfaller Oratmangoen, âld-spiler fan TOP Oss, koe de bal nei in korner by de twadde peal binnen tikke.

Strafskop

De ploech fan De Jong gie úteinlik mei in foarsprong de klaaikeamer yn. Issa Kallon waard ûnderút helle yn it strafskopgebiet, wêrnei't goalgetter Robert Mühren fan de penaltystip oanlizze koe. Hy liet dat bûtenkânske net oan him foarbygean: 1-2.
Nei it skoft gie Cambuur lykwols net fierder mei de goede line. Mei in lyts oere op de klok kaam de thúsploech op likense hichte fia Jarni Koorman. In minút dêrfoar krige Cambuur noch in tebeksetter te ferwurkjen: Oratmangoen moast it fjild blessearre ferlitte.

Slotfaze

TOP Oss hie yn de slotfaze noch de grutste kâns op de oerwinning. Trevor David kaam each yn each mei Stevens, mar de doelman wûn dat duel. Mühren slagge der yn de 82 minút noch wol yn om it net te finen, mar dat die hy fanút bûtenspulposysje. Dêrmei einige it yn Oss yn in lykspul: 2-2.
Cambuur stiet no mei sân punten op it tredde plak yn de kompetysje. Der binne lykwols noch in soad ploegen dy't minder wedstriden spile hawwe en dus noch oer Cambuur hinne kinne.
TOP Oss - SC Cambuur (1-2) 2-2. 7' 1-0 Olivier Rommens, 42' 1-1 Ragnar Oratmangoen, 45' 1-2 Robert Mühren (penalty), 59' 2-2 Jarni Koorman.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt (38' Oratmangoen, 57' Breij), Mac-Intosh (79' Van der Kaap), Nieuwpoort (38' Schouten), Ter Heide; Jacobs (79' Korte), Hoedemakers, Maulun; Antonia, Mühren, Kallon.