Dronryp wint 118e Freulepartij: "Dit bliuwt je foar altyd by"

19 sep 2020 - 18:54

It partoer fan Dronryp hat de 118e Freulepartij wûn. Jorn Lars van Beem, Rutger Kumbangsila en Rick Minnesma wiene yn de finale mei 5-2/6-6 te sterk foar Harold de Boer, Jelmer Miedema en Wiebe Siemen Leenstra fan Jellum-Bears.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Rypsters setten goed útein en kamen al gau op in skjinne trije foar. Jellum-Bears waard doe wer wekker, en kaam werom ta 3-2.

It wie lykwols Dronryp dat trochsette koe. Jorn Lars van Beem soarge mei in rige sitballen foar de 4-2 en 5-2. Jellum-Bears koe de Rypsters twa kear op matchpoint tsjinhâlde, mar op 5-2/6-6 wie it oer: de opslachbal fan Harold de Boer gie bûten.

Jellum-Bears pakte de twadde priis - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De tredde priis gie nei Ramon de Vries, Wesley van der Vaart en Verry van der Meer fan Sint-Jabik.

Sint Jabik pakte de derde prijs - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It hiele ferrin fan de 118e Freule kinne je yn ús liveblog werom lêze.

Jorn Lars van Beem

"We ha der hurd foar fjochtsje moatten, mar we ha 'm 'in the pocket'", sei opslagger Jorn Lars van Beem. Dronryp wie topfavoryt, mar Van Beem hie gjin lêst fan druk. "Dat is wol tweintich kear per dei sein. Ik fûn sels dat ik oer it algemien net folle druk fielde."

Dronryp kaam yn de fjirde omloop tsjin Frjentsjer in pear kear op 'e dea te stean, mar Van Beem hold ek doe alle fertrouwen. "Ik ha nea tocht dat wy dy partij ferlieze soene."

De Rypster sil dizze Freulepartij nea ferjitte, seit er. "Dit bliuwt je foar altyd by. It keatsen is al in moai spultsje. Mar at je in grutte partij winne, giest de skiednisboeken yn."

Harold de Boer

(Advertinsje)
(Advertinsje)