Ysbrand Galama komt ien sintimeter tekoart foar Nederlânske fierljeptitel

19 sep 2020 - 17:44

Rian Baas fan Utrecht hat sneontemiddei it NK fierljeppen yn Burgum wûn. Yn de finale kaam hy ta in ôfstân fan 21.10 meter. Ysbrand Galama fan Hylpen kaam ien sintimeter tekoart foar de titel. Hy sprong 21.09 meter. De tredde priis wie foar Jaco de Groot fan Kamerik. By de froulju pakte Sigrid Bokma fan Hylpen de Nederlânske titel mei in sprong fan 17.08 meter.

Neist Baas, Galama en De Groot stiene ek Sytse Bokma fan Hylpen, Thewis Hobma fan Harns en Age Hulder fan Burgum yn de finale. De Groot kaam mei in sprong fan 20.76 meter as beste yn de finale. Hy ferbettere himsels yn dy finale lykwols net mear. Galama, dy't him mei 19.38 meter as fiifde pleatst hie foar de finale, die dat wol. Hy kaam as earste fan de dei oer de 21 meter: 21.09.

Dêrmei like hy de Nederlânske titel yn de wacht te slepen, mar Baas kaam mei syn lêste sprong dochs noch in sintimeter fierder: 21.10 meter. It sulver wie dus foar Galama en it brûns gie nei De Groot.

Lêste NK foar Helmholt

In tal grutte nammen wisten de finale net te berikken. Nard Brandsma bygelyks, hy sprong twa kear wiet en ek syn tredde sprong wie lang net fier genôch: 13.68 meter. De klassemintslieder fan Hollân, Erwin Timmerarends, slagge der net iens yn om in ôfstân del te setten.

Ek Bart Helmholt slagge der op syn alderlêste NK net yn om de finale te heljen. De mearfâldich Nederlânsk kampioen kaam ta in sprong 19.01 meter.

Ysbrand Galama yn Gryptsjerk - Foto: Martin de Jong Fotografie

De Nederlânske titel by de froulju gie nei Sigrid Bokma fan Hylpen. Sy kaam yn de foarronde al ta in sprong fan 17.08 meter en dêr kamen har konkurrinten yn de finale net mear oan. Fabiënne Overbeek fan Benschop waard twadde mei 15.39 meter. De tredde priis wie foar Maureen Poeisz fan Snits.

De Frysk kampioene fan dit jier, Tessa Kramer fan It Heidenskip, helle de finale net. Sy kaam yn de foarronde net fierder as 14.56 meter. Ek ien fan de grutte favoriten, Marrit van der Wal fan It Heidenskip sprong net fier genôch foar de finale. Sy kaam ta 13.85 meter.

Junioaren, jonges en famkes

De titel by de junioaren gie nei Reinier Overbeek fan Benschop. Yn syn tredde sprong kaam hy ta 20.91 meter, wat op dat momint de fierste sprong fan de dei wie. Lucas van Eijk fan Haastrecht ferbettere himsels yn de finale noch wol nei 20.11 meter, mar dat wie net genôch foar de titel. Wol foar it sulver. De iennige Fryske priis by de junioaren wie foar Rutger Haanstra mei 19.85 meter. Hy pakte dêrmei it brûns.

De moaiste sprong fan de dei kaam op namme fan Wisse Broekstra fan Tsjummearum. By de jonges sprong hy mar leafst 20.72 meter en dat is in nij Nederlânsk rekôr yn dy kategory. Hidde van Dam fan Montfoort waard twadde mei 18.66 meter. Mark van der Horst fan Schoonhoven pakte it brûns mei 17.75 meter.

By de famkes stiene der trije Friezinnen yn de finale. Inger Haanstra fan It Heidenskip ljepte dêr it fierst mei in persoanlik rekôr fan 15.10 meter. Hanneke Westert fan Snits pakte it sulver mei 14.66 meter en it brûns wie foar Pytrix Westra fan Burgum mei 14.49 meter.

Foto: Martin de Jong
Trefwurden: 
Burgum NK fierljeppen
(advertinsje)
(advertinsje)