Oefenwedstriid fan basketbalklup Aris giet net troch

De oefenwedstriid fan de Ljouwerter basketbalklup Aris giet dizze sneontejûn net troch. Foar it earst yn de skiednis is it net slagge om in flier te lizzen.
© Adrie Hoogesteger
Dat komt mei trochdat de klup him ferantwurdlik fielt foar de sûnens en feilichheid fan de lizzers.
Aris woe de wedstriid trochgean litte op de reguliere flier, dy't oan alle easken foldocht, mar dêr gie tsjinstanner Heroes út Den Bosch net mei akkoart. Dus giet de wedstriid oer.