Wurk sykje en oanbiede op wurkfestival yn Snits

19 sep 2020 - 12:55

Sa'n tûzen minsken binne dizze sneon yn Snits op de banemerk om sa yn de kunde te kommen mei bedriuwen en wurksykjenden. Op it Wurkfestival Súdwest-Fryslân wurde beide partijen mei elkoar ferbûn. In soad minsken binne har wurk kwytrekke yn coronatiid, dus der is wol ferlet fan sa'n merk.

Wurk sykje snits

De organisaasje doarde it krekt yn dizze coronatiid wol oan om soks op grutte skaal op te setten. "Der binne in soad minsken dy't wurk sykje en der binne ek in soad banen yn dizze gemeente, dus dy beide partijen moatte elkoar treffe kinne. Dat dogge we coronaproof", seit Christien Lycklama à Nijeholt fan de organisaasje.

"Oer de foarm hawwe we yn it foar goed neitocht en ek oerlis mei de gemeente oer hân. We wurkje mei in tiidslot en we sitte op in bûtenlokaasje", seit se. "Dus dy oardel meter is goed te dwaan. We hoopje op in soad goede matches tusken bedriuwen en personiel en dêrfoar moatst elkoar yn eagen sjen kinne."

Willem Vermeltfoort wie op de merk

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Renske, ien fan de besikers, liket al in match fûn te hawwen. Se is op de merk om in HR-staazjeplak te finen by in transportbedriuw.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Trefwurden: 
Snits wurkfestival
(Advertinsje)
(Advertinsje)