Boek oer redensfabryk Nooitgedagt yn Drylts

19 sep 2020 - 12:22

"Nooitgedagt Drylts hat it net rêden troch in tekoart oan ynnovaasje en marketing", ta dy konklúzje komt Yteke de Jong yn har nije boek oer it Dryltser bedriuw. Takom wike wurdt it boek Nooitgedagt, icoon van de Friese maakindustrie presintearre.

Johan Nooitgedagt en Yteke de Jong by wat noch oer is fan Nooitgedagt yn Dryts - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Telegraaf- en âld-Omrop Fryslânsjoernaliste Yteke de Jong skreau it boek oer it romrofte Drylster bedriuw dat fan 1865 oant 2003 ferneamd wie om syn redens, ark en boartersguod. Se konkludearret dat it bedriuw it net rêden hat troch in tekoart oan ynnovaasjekrêft en it ûntbrekken fan in goeie marketing.

De gedachte dat it bedriuw nei de oername in nije takomst yn Drylts krije koe, omskriuwt se as 'miskien wol wat nayf'. It tsjokke boek bestiet út histoaryske ferhalen, anekdoates en prachtige yllustraasjes út de rike skiednis fan it ikoanyske bedriuw.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It earste eksimplaar wurdt sneon 26 septimber yn Snits oanbean oan Hans de Boer dy't krekt ôfskied naam hat fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW.

Yteke de Jong

Yn Buro de Vries is snein de folsleine reportaazje te hearren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)