Teäter en muzyk by Syb en Adriana thús by Teater Thús yn Kûbaard

19 sep 2020 - 12:05

Syb van der Ploeg en syn frou Adriana von Bannisseht hawwe by har thús yn Kûbaard in teäter ynrjochte. Under de namme Teater Thús bringe se in ferskaat oan foarstellingen. It thúsgefoel stiet dêrby sintraal.

Foto: Omrop Fryslân

"Troch de corona sieten we thús en woenen we sjen nei wat de mooglikheden binne om toch op te treden", fertelt Adriana von Bannisseht. "Der wie in seal dêr't it boartersguod fan de bern lei, mar dy romte koenen we ek oars brûke."

Ald skoalle

Goed twa jier lyn kochten Syb van der Ploeg en syn frou de eardere basisskoalle yn Kûbaard. "Der sieten noch mar tolve bern op skoalle, dus dy skoalle kaam frij. Wy sochten al in skoft nei in gebou foar ús oefenromte en kantoar", fertelt de sjonger. Se ha de skoalle kocht, der in wenbestimming op krigen en binne oan it ferbouwen slein. "Doe't we ta wienen om mei de keuken te begjinnen, binne we earst mar oan it teäter begûn. Dat ha we dus nei foaren helle, want we woenen in plak hawwe om te spyljen." Hy hat al fiif try-outs dien mei Wiebe Kaspers.

Yn de âlde gymseal is plak foar in lytse hûndert minsken, no mei de coronamaatregels kinne se fjirtich gasten ûntfange. "Se komme echt by ús thús. It is hiel smûk en se krije hapkes derby", seit Adriana von Bannisseht. "De measte artysten wolle graach optrede en binne bliid dat se plak hawwe om spylje te kinnen", follet Syb van der Ploeg oan.

Snein stiet in konsert fan gitarist Harry Sacksioni mei sjonger Edward Reekers op it program.

(Advertinsje)
(Advertinsje)