LIVEBLOG Freule 2020: topfavoryt Dronryp wint

19 sep 2020 - 18:21

It is de wichtichste partij fan it jier foar jonges tusken de 14 en 16 jier: De Freulepartij. De wedstriden wurde sneon ferkeatst yn Wommels. Dit jier dogge 39 partoeren mei. De fraach is wa't de opfolger fan Winsum wurdt. Folgje De Freule yn dit liveblog of op Omrop Fryslân radio. Fan 13.00 oere ôf stjoere wy De Freule ek live út, op de webside en de Omrop-app.

18:00
Ein fan dit liveblog

Dat wie de 118e Freule! Lês hjir it ferslach fan de finale. Tank foar it folgjen!

17:42
Dronryp wint de Freule

No is it Rutger Kumbangsila dy't opslacht, en ek hy soarget foar in pear sitballen.

Op 5-2/6-6 moat Harold de Boer opslaan. Syn bal gie bûten, dus de winst is foar Dronryp.

17:37
Van Beem pakt troch

En opnij twa sitballen fan Van Beem, ek op 4-2/6-2 is it raak: Dronryp komt op 5-2.

17:34
Van Beem pakt in earst

Trije sitballen op rige fan Van Beem! Dêrmei pakt er it twadde spul foar syn partoer: 4-2.

17:29
It wurdt wer spannend

Jellum-Bears komt werom op 3-2. Minnesma slacht in bal fan De Boer werom, mar Jelmer Miedema stiet wêr't er stean moat en pakt it earst foar syn partoer.

17:23
Buordsje for Jellum-Bears

Harold de Boer liket wer yn de wedstriid te sitten, hy slacht twa ballen op rige binnen. Op 3-0/6-6 slacht er opnij goed op. Minnesma rekke de bal net goed, en Jellum-Bears hat dus lang om let in earst te pakken: 3-1.

17:15
Dronryp rint rap út

Sa giet it wol hiel rap, Harold de Boer slacht op 2-0/6-2 de bal bûten. Dronryp dus al op 3-0 foar.

17:10
Spul foar Dronryp

Op 1-0/6-2 is der opnij in sitbal fan Van Beem. Dronryp stiet dus al in spul foar.

17:05
Dronryp begjint goed

It earste earst fan de finale is foar Dronryp, op 6-0 slaat Jorn Lars van Beem de bal oer de boppe.

17:00
Tiid foar de finale

Partoeren Dronryp en Jellum-Bears stean der klear foar, de finale sil sa útein sette.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Trefwurden: 
keatsen Wommels De Freule
(Advertinsje)
(Advertinsje)