Liveblog | 19 septimber 2020

LIVEBLOG Freule 2020: topfavoryt Dronryp wint

De wedstriden wurde woansdei ferkeatst yn Wommels. Dit jier dogge 39 partoeren mei.
Lêst bywurke: 19 septimber 2020, 18:21
18:00

Ein fan dit liveblog

Dat wie de 118e Freule! Lês hjir it ferslach fan de finale. Tank foar it folgjen!
17:42

Dronryp wint de Freule

No is it Rutger Kumbangsila dy't opslacht, en ek hy soarget foar in pear sitballen.
Op 5-2/6-6 moat Harold de Boer opslaan. Syn bal gie bûten, dus de winst is foar Dronryp.
17:37

Van Beem pakt troch

En opnij twa sitballen fan Van Beem, ek op 4-2/6-2 is it raak: Dronryp komt op 5-2.
17:34

Van Beem pakt in earst

Trije sitballen op rige fan Van Beem! Dêrmei pakt er it twadde spul foar syn partoer: 4-2.
17:29

It wurdt wer spannend

Jellum-Bears komt werom op 3-2. Minnesma slacht in bal fan De Boer werom, mar Jelmer Miedema stiet wêr't er stean moat en pakt it earst foar syn partoer.
17:23

Buordsje for Jellum-Bears

Harold de Boer liket wer yn de wedstriid te sitten, hy slacht twa ballen op rige binnen. Op 3-0/6-6 slacht er opnij goed op. Minnesma rekke de bal net goed, en Jellum-Bears hat dus lang om let in earst te pakken: 3-1.