Kollum: "De terreur fan de buksmot"

19 sep 2020 - 08:24

"Der binne op dit stuit in soad grutte tema's dêr't de opinymakkers, politisy en kollumnisten harren drok oer meitsje. Dat is in patroan dat alle jierren werom komt. Flak nei de simmer binne alle batterijen fan de karriêretigers en beropsgearkommers wer oant de maks opladen en dat sil de wrâld ferdikke merke ek.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

De algemiene skôgingen, dêr't oeral fingers op seare plakken lizze en de meast ûnsinnige proefballonnen oplitten wurde, is dêr it ultime foarbyld fan. Mar, it is mar efkes. Wês net ûngerêst, dit fenomeen duorret op syn langst oardel moanne, miskien twa, dêrnei ferfalt elts wer yn de gewoane modus. Dit is foar de normaal wurkjende minsken efkes in perioade fan trochbiten, de op- en oanmerkingen op wat je dogge en hoe't dizze himelbestoarmers it folle better kinne, it is mar tydlik. As aanst de blêden fan de beammen falle, keart de relative rêst wol wer wat werom.

Tiid dus om it oer in echt probleem te hawwen. De buksbeamkes. In plant dêr't je fan alles mei dwaan kinne. Hagen fan bouwe, moaie foarmen yn knippe. It is in sierplant foar in soad tunen. Mar der is in spulbrekker. De buksmot. It lyts, ûneachlik flinterke.

No fyn ik flinters yn de regel wol moai, mar dizze hat as aaklike gewoante dat er bukshagen opfret en dat is spitich. As je hjir de dyk delrinne is der in wiere kealslach te sjen. Letterlik ek noch. De planten bliuwt neat oars fan oer as in sneue stam mei keale takken. It is in sekuere moardner, dy buksmot.

Hy is net fan Fenus hjir hinne kaam, ek net yn in meteoryt op de Ketliker Heide ynslein, mar krekt as COVID-19 komt it bistje út it easten fan Azië. Yn 2006 hawwe sy him foar it earst sjoen op de grins fan Dútslân en Switserlân. Troch it ûntbrekken fan grinskontrôles yn Europa koe er frij trochreizgje en no sitte we der hjir mei. (Dit wie in grap, dat moat der tsjintwurdich altyd by sein wurde)

Goed, dy terrormot fret dus alles op. Mar der is wat nuvers. Wy hawwe ek in bukshage. En dy is noch net hielendal dea. Wy hawwe net mei gemikaliën oan it spuitsjen west, mar dochs komme der nije bledsjes oan. De sydkanten fertoane spoaren fan fretterij, mar de boppekant sprút suver wer kreas út. It wie oant dizze wike in riedsel hoe't dat koe. Mar it waarme waar brocht útkomst.

Op de hjitste septimberdei yn de skiednis sieten we jûns bûtendoar. Igor, ús reade boarre, wie der sa as gewoanlik ek, seurend om oandacht. Ik haw him al ris ferteld dat er ynkoarten eins oan de line moat, mar ik tink dat er him dêr dan daalks oan ophinget. Boerekatten oan de line is dus ien fan dy kânsleaze proefballonnen, mar dat geheel terzijde.

Igor wie ûnrêstich. Om de haverklap skeat er fuort en even letter wie er der wer. Ik haw him efkes folge, en witte jim wêr't er him sa drok oer makke? Oer dy buksmotten! Hy snipte de iene nei de oare út de loft wei. Oft se lekker binne wit ik net, mar Igor wie de hiele jûn op jacht. Sa sjogge jo mar wer, de natuer evoluearret dêr't jo by steane."

(advertinsje)
(advertinsje)