Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys en Libertas beide mei winst nei hûs

18 sep 2020 - 22:48

It wie freedtejûn wer de earste jûn dat der wedstriden fan de earedifyzje fan de sealfuotbalfroulju spilen waarden. Twa Fryske klups diene mei: Libertas fan Damwâld mocht tsjin OS Lusitanos en Drachtster Boys spile tsjin Drs. Vijfje. Foar de froulju fan Drachten einige de jûn mei in 5-4 oerwinning en foar de froulju fan Damwâld wie de einstân 4-2.

De froulju fan Drachtster Boys spilen tsjin G.S.F.V. Drs. Vijfje, in sealfuotbalferiening út Grins wei. De wedstriid sette net goed útein, want fuortendaalks wist dizze tsjinpartij in goal te meitsjen. It kaam gau ta in 1-1 troch in doelpunt fan Esther van Toledo, leech yn de hoeke fan de goal. Mar der folge ek wer in tsjingoal fan Sharron Luther om't keeper Anna Reitsma efkes net goed oplette. Dit barde allegearre yn de earste fiif minuten. De Drachtster Boys giene wol mei 2-2 it skoft yn, om't Amber Werkman noch in goal meitsje koe.

Yn de twadde helte gie it folle foarsichtiger. Mar dat makke net dat it net suksesfol wie. It waard 3-2, dêrnei 4-2 en ek nochris 5-2 troch goals fan Jessie Prijs. Net lang foar de ein kaam der noch wol in tsjingoal fan Drs. Vijfje. Dat joech neat mear, want de winst gie nei Drachten: mei 5-4 waard der wûn.

Libertas-OS Lusitanos

Op itselde momint debutearre Libertas yn de earedifyzjeseal yn de Boppeslach yn Damwâld, mei as tsjinstanner OS Lusitanos fan Amsterdam. It slagge de Damwâldsters om in foarsprong foarinoar te krijen foar it skoft. It earste doelpunt waard makke troch Renza Dijkstra. In kertier nei de start makke Chelly Drost fan OS Lusitanos wol in tsjingoal, mar noch gjin trije minuten letter skeat Sam Bosma wer yn de goal fan de Amsterdamske ploech. Dêrmei wie de skoftstân 2-1.

Nei it skoft koene de Damwâldsters de winst útwreidzje: al gau wie de foarsprong 4-1. De makkers fan de doelpunten wiene Sam Bosma en Renza Dijkstra. De tsjinstanners fan Amsterdam makken noch in tsjingoal, mar de einstân wie 4-2 foar Libertas.

(Advertinsje)
(Advertinsje)