GGD Fryslân ropt minsken op om wach te bliuwen op it coronafirus

18 sep 2020 - 21:35

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân seit ek út namme fan de Veiligheidsregio dat sy har goed fine kin yn de toan dy't premier Rutte en minister De Jonge freed útdroegen yn de corona-parsekonferinsje. "Ofrûne simmer seagen wy ek wol dat eltsenien der wat klear mei wie en dat stadichoan de panyk der ôf rekke. Dêrtroch lette minsken minder op en rinne de sifers hurd op. It Westen is tichtbefolke yn de stêden, dêr giet it altyd wat rapper. Mar ek hjir rint it hurd op."

Foto: Omrop Fryslân

Neffens har wie it in goeie parsekonferinsje. "k bin bliid dat se dit dien hawwe. It wie ek nedich. Yn oantallen falt it noch ta, mar je sjogge wol in tanimming yn de besmettingen. As wy net oplette sitte wy aanst ek by dy oranje gebieten."

Dochs jilde de strangere maatregels dy't freed foar seis spesifike regio's ôfkundige binne, net foar Fryslân. Dan giet it om de slutingstiid fan kroegen en it byinoar kommen fan grutte groepen. "It is fansels net tûk om mei mear as 50 minsken byinoar te wêzen, hielendal as der te min romte is. Mar it jildt hjir net sa strang as yn de gebieten dy't neamd binne."

Drokte by teststrjitten

De Graaf kin dreech foarspelle hoe't it firus him yn Fryslân ûntwikkelje sil. "It is dreech om in ynskatting te meitsjen fan hoe't it komt. Dat hinget fan it hâlden en dragen fan de minsken sels ôf, mar ek fan de jildende maatregels. De druk op de teststrjitten is wol hiel grut, dus as minsken gjin klachten hawwe of net mear hawwe: it hat net in soad nut. Dus meitsje allinne in ôfspraak by klachten. Sa besykje wy ek om de tiid dy't je thús bliuwe moatte sa koart mooglik te hâlden. Wy hawwe no heard dat it moandei mooglik wer wat rommer wurdt."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)