Gjin nije coronamaatregels Fryslân, mar regio's tenei wol yndield op risikonivo

18 sep 2020 - 19:29

Premier Rutte en minister Hugo de Jonge joegen freedtejûn wer in parsekonferinsje oer de bestriding fan it coronafirus. De minister-presidint warskôge dat Nederlanners derfoar soargje moatte dat sy harren net yn sliep susje litte. Neffens him liket it in 'ver-van-mijn-bed-show', mar it coronafirus is wol mei in 'comeback' dwaande.

Foto: ANP

Rutte die mei klam in oprop oan minsken om wer mear thús te wurkjen. "Inmiddels valt meer dan 10 procent van de clusters met besmettingen terug te voeren op werksituaties," sei minister-presidint Rutte. Ek by ferpleechhuzen nimt it tal besmettingen wer ta. It reproduksjegetal stiet yntusken op 1,4. Dat is tefolle, want in getal fan 1 seit al dat in besmet persoan yn trochsneed ien oar persoan besmet.

"Tandje erbij"

De premier joech oan dat er begrypt dat it foar studinten dreech is om ôfstân te hâlden, bygelyks as studinten byinoar wenje yn in hûs. Dochs moat der miskien in 'tandje bij', seit hy. Neffens him moatte alle Nederlanners derfoar soargje dat de trend keard wurdt. "Dit mogen we de mensen in de zorg niet weer aandoen. Als we deze trend niet keren zijn voor cafés, winkels en voorzieningen de consequenties niet te overzien. Al met al reden om deze week intensief te overleggen met de voorzitters van de Veiligheidsregio's waar het aantal besmettingen het snelst toeneemt."

Regio's yndield op risiko

Minister De Jonge fertelde mear oer de nije maatregels dy't nommen binne. Hy joech oan regio's no yn te dielen yn trije risikonivo's: 1, 2 en 3. Op dit stuit binne der al in tal regio's dêr't al risikonivo 2 fan tapassing is. "In die aantal regio's zien we dat het aantal besmettingen per dag aanhoudend te hoog is." Fryslân heart dêr net by.

It giet om de regio's Amsterdam-Amstelland, Rotterdam-Rijnmond, Haaglanden (Den Haag), Utrecht, Kennemerland (Haarlem) en Hollands Midden (Leiden). Letter soene dêr Zuid-Holland Zuid, Gooi en Vechtstreek, Flevoland en Zaanstreek-Waterland noch oan taheakke wurde kinne, om't de besmettingssifers dêr ek heech binne.

Maatregels foar de risikogebieten

Foar dizze regio's binne der maatregels oankundige. De regels geane snein om 18.00 oere yn. Yn dizze regio's moatte kroegen bygelyks earder sletten wêze. Om middernacht meie der gjin minsken mear nei binnen en moat de muzyk út, nei 1.00 oere moat de saak leech wêze. Ek is it maksimale oantal minsken dat byinoar wêze mei omleech brocht. Dat oantal giet werom fan 100 nei 50 minsken. Der binne wol útsûnderingen lykas begraffenissen en demonstraasjes. Houliken falle net ûnder de útsûnderingen.

Fierder sei De Jonge dat er ek mei kolleezjefoarsitters en studinteferieningen ôfspraken makke wurde sille. Der komt mear hanthavening en mear kontrôle, mar dat meitsje de regio's dêr't it no om giet sels bekend.

Wachttiid coronatest bliuwt noch efkes lang

Oer de wachttiden foar coronatest sei De Jonge dat dit noch efkes in punt fan ferbettering bliuwt. "De krapte zal helaas nog wel een aantal weken aanhouden. Dus ik zeg nogmaals: laat je alleen testen bij klachten." De minister frege yn de parsekonferinsje ek oan minsken om harren net ôf te reagearjen op GGD-meiwurkers.

Ek diene Rutte en De Jonge in oprop om wer skerp te bliuwen op de basis-coronaregels. "Wij zijn degenen die het moeten volhouden, alleen zo kunnen we die tweede golf breken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)