FIDEO: It Polytburo mei Fred Veenstra

18 sep 2020 - 18:20

Yn It Polytburo wie Fred Veenstra te gast, boargemaster fan gemeente De Fryske Marren en ek foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten. Mei him is praat oer de noed dy't by in soad gemeenten libbet: der binne grutte tekoarten op de begruttingen. Der binne in soad ekstra kosten fan de jongereinsoarch, mar ek foar alle coronamaatregels is jild nedich. Neffens Veenstra moat der struktureel mear jild by.

It Ryk moat de gemeenten yn de takomst yn 'e mjitte komme mei struktureel ekstra jild, oars slagget it de gemeenten net finansjeel rûn te kommen. Wol it Ryk dat net, dan binne hurdere aksjes fan de gemeenten net útsletten. Dat sei boargemaster Fred Veenstra fan de gemeente De Fryske Marren freed yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân.

Hurdere aksje? Slutende begrutting net ynleverje

Veenstra is ek foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten. As foarbyld fan in hurdere aksje neamt Veenstra it net mear ynleverjen fan in slutende begrutting by de provinsje. Dat is elts jier wol fereaske. Mar as gemeenten dat net mear dogge, dringt it by it kabinet mooglik troch dat gemeenten it dreech hawwe.

Ofrûne tiisdei makke it kabinet yn de Miljoenenota bekend hast 800 miljoen euro ekstra út te lûken foar gemeenten. Dêrnjonken komt der 300 miljoen euro ekstra foar jongereinsoarch. Mar dat is lang net genôch, seit Veenstra.

(advertinsje)
(advertinsje)