Van Balen-kofje werom nei Frjentsjer

It njoggentjinde-iuwske kofjemerk Van Balen is dizze freed opnij yntrodusearre yn Frentsjer. Mariska van Balen sil de kofjetradysje fan har skoanfamylje trochsette. Yn it pân oan de Eise Eisingastrjitte yn Frentsjer dêr't yn 1881 it bedriuw opset hat, kin nei 36 jier wer Van Balen-kofje dronken wurde.
Van Balen-kofje werom nei Frjentsjer
Yn it pân neist it Eise Eisinga Planetarium, dêr't Van Balen Koffie yn 1881 begûn, wie ek de weryntrodukje fan it bedriuw. Mariska van Balen sil in trochstart meitsje mei it bedriuw dat har skoanfamylje 36 jier lyn sletten hat.

Famyljedokuminten

"We kwamen documenten van de familie tegen, en werden daardoor toch wel nieuwsgierig", fertelt Van Balen oer de reden fan de trochstart. "Toen hebben we wat meer kennis opgedaan, en zo kwam het steeds verder. Ik was op zoek naar een nieuwe uitdaging, en heb toen toch deze stap genomen."
Ek al komme de kofjebeannen lykas doetiids út Súd-Amearika, deselde smaak sil de kofje nei alle gedachten net hawwe. "Of het écht dezelfde koffie is als vroeger, dat is moeilijk te zeggen, en ook moeilijk te achterhalen."
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Mariska van Balen
Ferslachjouwer Jantine Stoffers yn Frjentsjer