Strangere maatregels by Ljouwerter fuotbalklup Blau Wyt '34 fanwege corona

18 sep 2020 - 17:22

Fuotbalklup Blau Wyt '34 yn Ljouwert nimt sneon ekstra strange maatregels yn ferbân mei it coronafirus. Sa is de kantine ticht, meie de klaaikeamers net brûkt wurde en is publyk net wolkom. By de jongste jeugd mei ien fan de âlden oanwêzich wêze. Ferline wike waard ien fan de leden posityf test op it coronafirus.

It haadfjild fan Blau Wyt '34 - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Yntusken binne dêr noch mear gefallen by kommen, sa skriuwt de klup op de eigen webside. Ek binne der noch in pear spilers yn ôfwachting fan de útslach fan in coronatest. It giet neffens de klup allegear om spilers fan twa senioareteams. Dêr is ek it earste team by, dat sneon tsjin Grins spylje soe. Harren wedstriden binne skrast, de oare wedstriden geane yn oerlis mei de GGD wol troch.

"Wij hadden ons een andere start van het seizoen voorgesteld", sa skriuwt de klup. It bestjoer ropt de leden op harren oan de coronaregels te hâlden.

Oprop Be Quick

De foarsitter fan in oare Fryske amateurfuotbalklup, Be Quick út Dokkum, hat fia in filmke de leden in driuwende oprop dien om de coronaregels yn acht te nimmen. Net allinnich foar de sûnens fan elkenien, mar ek foar de klupkas.

"Als we controle zouden krijgen en ze zien dan dat elftallen zo dicht bij elkaar zitten, dan riskeren we als vereniging gewoon een hele forse boete", seit foarsitter Kees Theissen. "Die boete loopt op tot 4000 euro. Nou, dat kunnen we in deze tijd als vereniging ook niet hebben."

Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en foar elke gemeente op www.omropfryslan.nl/corona, of yn de omropapp. De sifers wurde twa kear yn 'e wike aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it nijs oer de coronakrisis yn Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)