Duorsume Fryske himp om miljeuproblemen oan te pakken

18 sep 2020 - 16:56

Himp as oplossing foar ferskate miljeuproblemen, lykas it ferleegjen fan it CO2-gehalte yn 'e loft. En ek om it te brûken as grûnstof foar sirkulêre produkten. Dat is it idee fan it Drachtster bedriuw GreenInclusive. It bedriuw claimt dat it de earste is dy't de himp sels ferbout en der ek sirkulêre produkten fan makket.

Fryske himp om miljeuproblemen oan te pakken en duorsum te produsearjen

Freed waard de himp op it lân yn Oerterp yn pak slein. "GreenInclusive hat op twa lokaasjes yn totaal 30 bunder yn gebrûk. Uteinlik moat dat troch groeie nei 500," fertelt direkteur Marthijs Roorda.

Fan himp kin fan alles makke wurde. Mar op dit stuit giet it noch benammen om konteners, kratten en oare plasticferfangende produkten. Op dit stuit wurde dy yn Grinslân en yn it bûtenlân makke. It bedriuw wol dit graach yn Fryslân dwaan. Mar dêrfoar moat in fabryk boud wurde. En dat is noch takomstmuzyk. Ek in partner om de produksje mei op te pakken yn Fryslân is noch net fûn.

Bydrage oan it miljeu

Wichtichste ynstek fan is bedriuw is dat himp in wichtige bydrage leverje kin oan it miljeu. It nimt 2,5 kear safolle CO2 op as bosk. En der sitte noch mear miljeufoardielen oan. Himp hat net folle wetter nedich en it gebrûk fan keunstdong of bestridingsmiddels is ek net nedich.

Uteinlik moat it ferbouwen fan himp ek rendabel wêze. En dat is noch in útdaging. Njonken it ferkeapjen fan de produkten dy't fan himp makke wurde hat it bedriuw ek meiwurking fan de oerheid nedich. Bygelyks foar it goedkarren fan sertifikaten dêr't bedriuwen dy't tefolle CO2 produsearje harren útstjit mei kompensearje kinne. Roorda is der fan oertsjûge dat himp, sjoen de miljeu-opjefte dy't der leit, in goeie takomst hat as ferfanger fan fersmoargjende grûnstoffen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)