Fernijing ferdielstasjon Wolvegea makket sinneparken en wynturbines wer mooglik

18 sep 2020 - 16:19

Yn Wolvegea en omkriten kinne fan freed ôf oan wer nije sinneparken en bedriuwen oansletten wurde op it stroomnet. Dat is mooglik trochdat der in nij ferdielstasjon yn Wolvegea yn gebrûk naam is. Yn dat nije stasjon sitte twa hiele grutte transformators, dêr't de kapasiteit troch ferdûbele is.

Foto: Alliander N.V.

It stroomnet rakket hyltyd foller, net allinnich troch de komst fan wynturbinen en sinnepanielen, mar ek troch nije bedriuwen en wenwiken. Ek yn Weststellingwerf spile dit. It ferdielstasjon yn Wolvegea berikte ôfrûne jier syn maksimumkapasiteit.

Grondige ferbouwing

It elektrisiteitsstasjon yn Wolvegea is dêrom in yngreven ferbouwing ûndergien; de ynstallaasjes binne fernijd en der binne twa grutte transformatoaren kommen om de âlden te ferfangen. Omwenners fan it nije stasjon, dat yn in wenwyk leit, binne meinaam yn de ûntwikkeling troch ûnder oare ynsjochmiddeis.

Ek yn in soad oare parten fan Fryslân wurdt it stroomnet op dit stuit útwreide. Allinnich al dit jier wurdt dêr yn Fryslân 800 miljoen euro ynvestearre. Sa wurdt der oan de útwreiding fan de ferdielstasjons yn Dokkum en Aldehaske wurke, en ek wurdt in nije stroomkabel oanlein nei It Amelân.

(advertinsje)
(advertinsje)