Gjin merke-attraksjes op de Sinnebuorren mei it wykein fan Jouster Merke

Der is dit jier gjin merke yn it Jouster Merke-wykein: dat betsjut dat der gjin attraksjes op de Sinnebuorren komme. Mei it each op de feiligens is besletten dat de merke net trochgiet. Neffens gemeente De Fryske Marren hat der de ôfrûne wiken hieltyd kontakt west mei merke-eksploitant Martin Meijer. Freedtemoarn is it beslút nommen: de merke kin net op in ferantwurde wize hâlden wurde. Veiligheidsregio Fryslân en de plysje hawwe ek mei-advisearre.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
It wie al sa dat der gjin kreamkes yn de Midstrjitte komme soene op de Jouster Merke-tongersdei, mar de berne-attraksjes soene der noch wol komme. Neffens boargemaster Fred Veenstra is it skande, mar ek nedich. "It is hiel spitich dat it moast, want wy hiene alles der op yn set dat de merke wol trochgean te litten. Foar de simmer hiene wy dêr as kolleezje al in beslút oer naam. Op De Lemmer hawwe wy dat ek dien en dat gie eins hiel goed."

Boargemaster Veenstra: net helber

De grutste reden is dat der in grut oantal minsken tagelyk op it merketerrein omrinne kin en dat dêrtroch wachtrigen ûntsteane bûten de stekken. "Nei de lokaasje by it sintrum dêr komme in soad minsken op ôf. De eksploitant moat in soad ynvestearje yn ôfsettingen, rûten, ekstra befeiliging, EHBO. As dan it tal minsken beheind is dat komme mei, kin de eksploitaasje ek net út," seit Veenstra.
Dêrom it beslút: it is net helber. "Ik haw wol de yndruk dat de minsken it snappe. Ik hoopje ek dat de ynwenners fan De Jouwer it snappe. It tal besmettingen nimt ta, foaral by de jongerein tusken de 16 en de 30. Dat is ek de doelgroep fan de merke. Koartlyn wie yn it nijs dat de rioelwettersuvering by De Jouwer folle mear coronadieltsjes yn it wetter sjocht. Dus dat lit sjen dat der wat oan de hân is."

Oare aktiviteiten

It lieden fan it Jouster Merke-klokje giet ek net troch, lykas de Agrarische Schouw yn park Heremastate, de muzyk by de Jouster Toer en de Jouster Merkeloop. Boppedat hawwe in tal hoarekasaken oanjûn it wykein (foar in part) ticht te bliuwen. It stegerterras tusken kafee Het Tolhuis en hotel Anne-Klare wurdt fuorthelle.
De keapsnein giet noch wol troch, mar net mei de moadeshow. Ek de hynstekoersen op moandei geane troch, mar allinne foar sponsoaren en minsken dy't útnûge binne. "Op de Nutsbaan binne goeie yndielingen makke sa't minsken ôfstân hâlde kinne. It is ek in hiel grut terrein," jout Veenstra oan. "Sa hawwe wy dochs noch krekt in pear dingen dy't hiel fier fuort wat op de Jouster Merke lykje."
De gemeente hopet dat de merke takom jier wol wer hâlden wurde kin.
Boargemaster Fred Veenstra
De Jouster Merke yn 2019 © Omrop Fryslân, Sian Wierda