Fuotbalklup Snits Wyt Swart ferlinget sponsordeal mei ING

ING bliuwt haadsponsor by fuotbalferiening Snits Wyt Swart. It kontrakt mei de klup is mei yngong fan 1 septimber mei nochris trije jier ferlinge. ING en Snits Wyt Swart wiene de ôfrûne seis jier ek al oaninoar ferbûn.
© Omrop Fryslân
De bank is in grutte sponsor yn it amateurfuotbal. De kommende tiid wurde de kontrakten mei mear as 500 klups ferlinge. Dêrby wol de bank dat op syn minst 25 persint fan it sponsorbedrach bestege wurdt oan famkes- en frouljusfuotbal. It doel is dat it oantal froulike leden fan it fuotbalbûn KNVB binnen 5 jier groeid is mei 25 persint. Ek Snits Wyt Swart wol dêr mei fierder, sa hat foarsitter Frank Slob tasein.