Direkteur Geart de Vries hâldt op by Historisch Centrum Leeuwarden

Geart de Vries leit nei tolve jier syn funksje as direkteur fan Historisch Centrum Leeuwarden del. Begjin takom jier stapt hy op. De Vries is dan 65 jier en fynt dat in goed momint om it stokje oer te dragen.
Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It histoarysk sintrum hat him yn de ôfrûne jierren ûntwikkele ta in erfgoedsintrum dat hieltyd mear it publyk opsiket. Mei it behear fan de Aldehou en it Piet Pander Museum hat it gemeente-argyf in gruttere funksje krigen foar in breed publyk.
"It HCL is hieltyd mear in publyksynstelling wurden", leit De Vries út. "Der komme miskien minder minsken op de stúdzjeseal (om't hiel wat argyfstikken yntusken digitalisearre binne, red.), mar in breed publyk wit it HCL te finen om ferhalen te hearren oer hoe't it eartiids wie yn de stêd en yn de 35 doarpen. Hja komt hjir foar lêzingen, stedskuiers en edukative projekten."
Ynkoarten wurdt de fakatuere foar direkteur fan Historisch Centrum Leeuwarden iepensteld en set de syktocht nei in opfolger útein.
Direkteur Geart de Vries fan it HCL