Foarsitter Frysk hoarekabûn fynt strangere coronaregels ûnterjochte

De hoareka krijt ûnterjochte de skuld foar de groei fan it tal coronabesmettingen. Dat fynt foarsitter Corné van de Erve fan de Koninklijke Horeca Nederland, ôfdieling Fryslân. Santich persint fan de besmettingen fynt plak yn de thússituaasje, sa seit er, wylst de hoareka folle leger op de list stiet.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn de Rânestêd rint it tal besmettingen fluch op en dêr wurdt yngrypt. Kafees moatte om 1 oere nachts ticht en it ljocht moat in oere earder al oan. Groepen yn de hoarekagelegenheden meie net grutter wêze as 50 minsken.
No't ek yn Fryslân it oantal coronabemettingen rap groeit en in nij hichtepunt berikt hat, liket it in kwestje fan tiid dat sokke maatregels hjir ek nommen wurde. Van de Erve begrypt der neat fan. Neffens him dogge de Fryske hoareka-ûndernimmers al goed harren bêst om besmettingen foar te kommen.

Swarte pyt

"Wij kunnen het natuurlijk niet zien, als iemand zegt 'ik ben gezond', terwijl hij wel ziek is", seit Van de Erve. "Dus we doen er echt alles aan om dit te voorkomen. En nu krijgen we klap op klap op klap, en we krijgen de zwarte piet toegeschoven. Dat is niet correct. We moeten zorgen dat het aangepakt wordt waar de bron zit, en dat is thuis. Dat is niet bij de horeca."

Boereferstân

Neffens Van de Erve nimme de Fryske hoarekagelegenheden en harren klanten goed de regels yn acht. "Het feit dat Friesland relatief weinig corona heeft, betekent dat al die Friezen, onze gasten, onze ondernemers hun boerenverstand gebruiken en zorgen dat we het hier in toom kunnen houden."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei foarsitter Corné van de Erve fan it Fryske hoarekabûn