Jannewietske de Vries nije foarsitter Ried fan Tafersjoch Noord Nederlands Orkest

18 sep 2020 - 13:02

Jannewietske de Vries wurdt mei yngong fan 1 oktober de nije foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch (RfT) fan it Noord Nederlands Orkest (NNO).

Foto: Noord Nederlands Orkest

De Vries is sûnt septimber 2018 boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Se is ek bestjoerslid fan it BNG Cultuurfonds. Tusken 2007 en 2015 wie se deputearre fan de provinsje Fryslân. Yn har portefúlje hie sy ûnder oare media en kultuer.

"Muzyk rekket my fan alle keunstfoarmen it meast. Ik help graach mei om de ambysjes fan it orkest en de regionale bining fierder te bringen", ljochtet De Vries ta.

De Vries nimt it stokje oer fan Henk Pijlman. Hy nimt nei njoggen jier foarsitterskip ôfskied. De oare leden fan de RfT binne Petra Smeets, Jorrit Volkers, Wim Vos, Jurriaan Wentink en Annelize Wilpstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)