Grutte sykaksje nei fermiste man yn omjouwing Drachten

18 sep 2020 - 12:31

Yn de omjouwing fan Drachten en Beetstersweach wurdt op dit stuit manmachtich socht nei de fermiste Rients Plantinga (38) fan Drachten. Hy wurdt sûnt 9 septimber fermist en is dêrnei net wer sjoen. By de sykaksje, ûnder lieding fan de plysje en SAR Nederland, helpe tsientallen frijwilligers mei.

Grutte sykaksje

"We hebben de woensdag en donderdag na zijn vermissing samen met de politie intensief gezocht naar Rients. Dat heeft helaas niets opgeleverd", fertelt Houwina Postma, koördinator by SAR.

Soad frijwilligers

Op inisjatyf fan de famylje wurdt der fierder socht. In grutte groep frijwilligers melde him dêrfoar oan. Postma: "Wij van de SAR hebben de coördinatie daarvan op ons genomen. Wij maken samen met die vrijwilligers en de politie vrijdag nog een grote zoekslag. Onder andere in Drachten en Beetsterzwaag."

Drones

Op dit stuit sykje meardere groepen minsken yn liny troch de bosken. Letter freedtemiddei wurde der hûnen ynsetten en siket it rêdingsteam fan Drachten in stik wetter ôf. Mocht de syktocht freed neat opsmite, dan wurdt der sneon fierder socht mei drones.

Sinjalemint Rients Plantinga:

Lingte: 1.90 meter

Hierkleur: donkerblond

Eachkleur: grien/blau

Rients draacht nei alle gedachten in ljochte spikerbroek, wite skuon en in wyt T-shirt. Hy hie op it stuit dat er ferdwûn in sneed yn syn rjochter wynbrau en in wûne op it jokbonke ûnder syn rjochtereach. Syn telefoan is foar it lêst lokalisearre op de Sportleane yn Drachten.

Minsken dy't Rients nei syn fermissing noch sjoen hawwe of witte wêr't er is, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Houwina Postma, koördinator by de SAR

Foto: Facebook Zoekjemee - Vermist
(Advertinsje)
(Advertinsje)