Metershege skombulten yn fontein yn Frijheidswyk Ljouwert

18 sep 2020 - 12:08

Unbekenden hawwe yn de nacht fan tongersdei op freed in skomjend middel yn it wetter fan de fontein op in rotonde yn de Ljouwerter Frijheidswyk smiten. It skom steapele him metersheech op, wêrnei't it troch de wyn oer de dyk de wyk yn blaasd waard.

De gemeente smiet dêrop antyskommiddel yn it wetter, wêrnei't it measte skom al rap wer ferdwûn. Der leine meardere flessen ôfwaskmiddel yn de fontein.

It is net foar it earst dat der yn dizze fontein skomjend middel smiten is, it barde yn septimber en oktober fan 2015 ek al.

(Advertinsje)
(Advertinsje)