Trije coronabesmettings fêststeld op It Amelân

Op It Amelân binne trije minsken posityf test op it coronafirus. Dat hat boargemaster Leo Pieter Stoel freed bekend makke. De besmette persoanen binne gjin ynwenners fan It Amelân en hawwe it eilân yntusken ferlitten. De besmettings binne befêstige troch GGD Fryslân.
De fjoertoer op It Amelân © Omrop Fryslân
De besmette persoanen hawwe neffens de gemeente net of hast net yn kontakt west mei eilânbewenners. "Uit deze besmettingen op het eiland blijkt maar weer hoe ontzettend belangrijk het is dat we de landelijke maatregelen heel nauwkeurig opvolgen", seit boargemaster Stoel.