Oantal coronabesmettingen berikt nij hichtepunt yn Fryslân

18 sep 2020 - 12:00

GGD Fryslân hat yn de ôfrûne wike 93 positive tests ôfnaam. Dat is it heechste oantal besmettingen sûnt 1 juny, sûnt wannear't elkenien test wurde kin. Lykas yn de rest fan it lân falle de positive útslaggen foaral yn de befolkingsgroep fan 16 oant en mei 30 jier. Yn de ôfrûne wike binne der 5541 test ôfnaam yn Fryslân.

Oantal coronabesmettingen berikt nij hichtepunt yn Fryslân

De measte ynwenners dy't posityf test binne, komme út de gemeente Ljouwert (40). Dêrnei folgje de gemeenten Súdwest-Fryslân (12), Dantumadiel (7) en de Stellingwerven (6). Dy besmettingen fine faak plak yn de leeftiidskategory 16 oant en mei 30 jier. "Dat binne faak studinten en jongeren dy't te min ôfstân hâlde", seit Marcel de Jong fan GGD Fryslân.

De besmettingen fine plak yn de hoareka, op thúsfeestjes en by it sporten. "Ut it boarne- en kontaktûndersyk komt nei foaren dat it foaral dêr bart. By de sport giet it dan net allinnich om it sporten sels, mar ek lâns de line, yn de klaaikeamers en yn de kantine", fertelt De Jong.

Yn de gemeenten Dantumadiel en de Stellingwerven hawwe de besmettingen plakfûn op thúsfeestjes. Yn Dantumadiel gie it om in feestje yn De Westereen.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Kommersjele tests

De sifers dy't GGD Fryslân meldt, binne it tal positive tests fan de saneamde PCR-test. Dy tests wurde dien mei in stokje yn de noas en kiel. Kommersjele bedriuwen brûke kommersjele tests dy't net meinaam wurde troch de GGD. "We hawwe leaver gjin kommersjele tests. Sy meitsje gebrûk fan laboratoariumromtes, dy't wy ek goed brûke kinne".

TNO-test

Undersyksynstitút TNO ûndersiket in 'sneltest' foar corona. Wannear't dy klear is, kin de GGD dy ek brûke. "Dy test sille wy ek brûke sa gau't dy goedkard wurdt troch it RIVM", seit De Jong.

Soarchlik

Neffens Margreet de Graaf fan GGD Fryslân is de rappe groei fan it tal besmettingen soarchlik. "We hâlde it net fol sa't it no giet. We gean ek oer op risikostjoerd boarne- en kontaktûndersyk. Dus dat betsjut ek dat we dêr yn minimalisearje, bygelyks minsken sels freegje om harren kontakten te ynformearjen. Dat dogge we hast yn it hiele lân. Der sit gewoan in maksimum oan wat we oankinne." Se ropt elkenien mei klam op om harren aan de coronaregels te hâlden.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

Sjoch foar de aktuele stân fan it oantal besmettingen yn Fryslân en foar elke gemeente op www.omropfryslan.nl/corona, of yn de omropapp. De sifers wurde twa kear yn 'e wike aktualisearre. Op dizze side is ek in oersjoch te finen fan al it nijs oer de coronakrisis yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)