Fierljepper Bart Helmholt wol flamme op lêste NK

Bart Helmholt sette yn 2016 in punt achter syn ymposante fierljepkarriêre. Hy naam ôfskied mei syn sânde Nederlânske titel en wie ek nasjonaal rekôrhâlder mei 21.64 meter. Dit jier makke Helmholt lykwols in comeback. De Noardburgumer (38) fielt him fit en wol noch ien kear alles út 'e kast helje foar syn grutte dream: oer de 22 meter ljeppe op it NK.
Bart Helmholt oer syn lêste NK:
Helmholt wol flamme op lêste NK
De akkommodaasje yn Burgum is yn 2018 yngreven renovearre. Dat hat yntusken in soad rekôrs opsmiten. Trije Nederlânske rekôrs steane op namme fan Burgum: it frouljusrekôr fan Marrit van der Wal (18.19 meter), it junioarerekôr fan Reinier Overbeek (21.38 meter) en it jongesrekôr (20.30 meter), ek fan Overbeek.
Ek it Frysk junioarerekôr waard yn Burgum ljept: 20.44 meter fan Freark Kramer.

Nederlânsk rekôr

Yn 2017 ljepte Jaco de Groot 22.21 meter yn Zegveld. Dat is oant no ta de iennichste sprong oer de 22 meter. It skânsrekôr yn Burgum stiet sûnt ferline jier ek op namme fan Jaco de Groot: 21.94 meter. Dat is noch altyd de fierste sprong ea makke yn Fryslân.
Jaco de Groot oer it NK:
Jaco de Groot oer it NK yn Burgum
Dit seizoen ljepte Bart Helmholt it fierst yn Burgum mei 20.94 m. Op it NK wol Helmholt besykje de grins fan 22 meter te trochbrekken.
Bart Helmholt © Martin de Jong

Earelist Bart Helmholt:

Tusken 2001 en 2016 slagge Helmholt deryn 24 grutte titels te beheljen.
Senioaren: 7 kear NK, 7 kear FK en 5 kear NFM
Junioaren: 1 kear NK, 2 kear FK en 2 kear NFM